WO II Ferhalen: Tink om ‘e Jimkejonges
As skoallejonges ha wy*(Folkert Visser en syn maten) yn ‘e oarloch -1940 oant 1945- faak soldaatsje boarte. En wol sa as wy it de Dútsers seagen dwaan dy’t yn dy jierren yn de Atsjebosk – sjoch foto mei byskrift – wolris kamen oefenjen. As se der dwaande wiene, wie de skoallejeugd altyd present om te sjen hoe’t dat om en ta gie. Letter diene wy dat dan sa goed mooglik nei. Wy hiene sels ek gewearen makke.
De kolf fan sa’n gewear bestie út in ein hout en wie makke fan in planke of in beamstronk. De loop wie makke fan in izeren elektrisiteitsbuis, dy’t mei bugels op de kolf festsiet.
In spikerke waard efter de loop yn de kolf slein. Stokjes diene tsjinst as kugels en in stik fan in âlde fyts(binne)bân kaam oan wjerskanten fan de kolf. Dy wie útrekber en moast de kugel /it stokje weisjitte.
De trekker wie it slimste te meitsjen. De kugel waard efter yn de de loop lein en fêstreaun mei de spiker.
Dêr kaam de fytsbân útrikt omhinne. Om ôf te sjitten moast in trekker makke wurde dy’t de kugel fan ‘e spiker lichte koe, sadat dizze troch de lo0p nei foaren skeat.
Allegearre hiene wy muoite mei it meitsjen fan in goeie trekker. De measte wiene gau stikken.
Guon gewearen skeaten de kugels in aardich eintsje fuort. It wie bytiden ek noch gefaarlik mei dy dingen te sjitten, fral as men ien yn it gesicht krige. De úteinen fan de kugels/stokjes wiene befike, sadat by in raak skot dat gemien sear dwaan koe. De regel wie, dat der net op it gesicht skeaten wurde mocht; lykwols barde dat sûnder opsetsin dochs wolris.
Mei in soad besieling waard der oefene. In inkele kear rûn dy oandrang ek wolris út de hân as guon te fûleindich waarden. De rûzje dy dan ûntstie waard mei fûsten en bytiden mei kolven útfjochte, oant de groep as gehiel de fjochtersbazen útinoar helle.
It sammelplak wie meast de bakkerij fan Jan Wopkes Ritsma oan ‘e Douweloane. Syn soan wie ek by it ploechje en de Kaetsjemuoibosk wie as striidtoaniel tichtby, dat sadwaande.
De Grikelân en Turkije bosken diene ek wol tsjinst as slachfjild. Dizze bosken wiene doedestiids foar it publyk ôfsluten en dêrom fansels folle spannender foar it oarlochje boartsje. Wy moasten dan altyd tige útsjen, want de Jimkejonges - sa neamden wy de tasichthâlders - koene somtiden samar foar ús noazen stean. Dyjinge dy’t se pakten seamden se dan omraak ôf. Ut foarsoarch stelde de groep dêrom in pear skyldwachten oan, dy’t oer in fluitsje beskikten en by ûnrie dêr op blaze moasten.
Yn marskololonne, krekt sa as by de Dútsers, setten wy by Ritsma’s bakkerij ôf, op wei nei de bosken. Dêr oankommen waarden earst de plakken ôfpraat dêr’t de skyldwachten komme moasten. Dizze krigen de opdracht daliks op it fluitsje te blazen as de Jimkejonges foar it ljocht kamen.
De ploech waard yn twaen opdield en elk ploechje krige in stik fan de bosk tawiisd dat ferdigene wurde moast. Elk fan de ploegen hie in kommandant, dy’t mei syn “ mannen” oerlei, hoe’t de oarloch ferrinne soe. Meastentiids kaam it altyd út op itselde en dat wie : de fijân slûpende yn ‘e mjitte komme.
Ferkenners giene foarop om de fijân op te spoaren en kamen dan letter werom om ferslach út te bringen. Oaren besochten ûngemurken in omgeande beweging te meitsjen om sa de tsjinstanner yn ‘e rêch oan te fallen.
It duorre meastentiids in hiel skoft foardat it ta in echt treffen kaam.
Alles waard lykwols mei de grutste sekuerens en in soad ynset dien. Krekt sa as wy sjoen hiene hoe’t de Dútsers it diene, want: sy wiene us grutte foarbyld.
As it ta in treffen kaam, wiene wy alles om ús hinne ferjitten. Wy skeaten mei ús gewearen en stikken dea hout – de hângranaten – fleagen eltsenien om de earen. Somtiden ûntstie in gefjocht fan man tsjin man, wêrby mei de kolf fan it gewear rake klappen útdield waarden.
Mar hoe fûleindich de striid ek wie, as ien fan de skyldwachten op’e fluit blies, dan feroare de situaasje opslach en wie al it fjochtsjen samar foarby.
It hiele leger gie ienridich en mienskiplik op ‘e flecht en as echte hurdrinners kamen wy skjin efter de siken/pûst by de bakkerij op de Douweloane. oan
De Jimkejonges wiene wer de spultsjebrekkers west. En yn de bakkerij sieten wy te betinken dat in klap dy’t de ien de oar ferkocht hie hiel wat oars wie as in klap fan de Jimkejonges.
*) Dizze wy binne Folkert Visser en syn maten.
Folkert wenne yn de oarlochsjierren oan de Singel yn Gytsjerk.
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “Einekoer“ stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com