7-02-2026: Estafettewedstrijd Iisklup Mûnein

Film en foto’s 158 jierrige Iisklup Mûnein

De estafettewedstriid fan dizze iisklup is hjoed presys 50 jier ferlyn hâlden, de film is dus yn it begjin fan 1976 makke.

Hans Dijkstra hie in putsje dien en krige it betelle mei in kamera. Doe nei Johannes kapper om in pear bandsje dêr’t er hast in wyklean oan kwyt wie. Dan fluch nei de iisbaan fan ‘e Mûnein om opnamen te meitsjen. Elts skoot foarby, hast alle fuotballers fan de Trynwâldsterboys wiene der, sawol fan Trynwâlden as fan de sneinsploech. Gjin fuotbaljen mar wol ride! Nei ôfrin gesellich nei it kroechje fan Jaap en Gea Beiert, It Mounehoekje, foar de útrikking fan de prizen. En heit Hylle Dijkstra hie it mar drok mei it slypjen fan de redens…. Fakwurk!
De film is yn it Fries Film en Audio Archief yn Ljouwert digitaal makke, ek yn gearwurking mei de Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden.

Klik hier voor meer informatie
Foto: ©