Estafette schaatsen Mûnein
De film fan de estafettewedstriid fan dizze iisklup is yn febrewaris 1976 makke.
Hans Dijkstra hie in putsje dien en krige it betelle mei in kamera. Doe nei Johannes kapper om in pear bandsje dêr’t er hast in wyklean oan kwyt wie. Dan fluch nei de iisbaan fan ‘e Mûnein om opnamen te meitsjen. Elts skoot foarby, hast alle fuotballers fan de Trynwâldsterboys wiene der, sawol fan Trynwâlden as fan de sneinsploech. Gjin fuotbaljen mar wol ride! Nei ôfrin gesellich nei it kroechje fan Jaap en Gea Beiert, It Mounehoekje, foar de útrikking fan de prizen. En heit Hylle Dijkstra hie it mar drok mei it slypjen fan de redens…. Fakwurk!
De film is yn it Fries Film en Audio Archief yn Ljouwert digitaal makke, ek yn gearwurking mei de Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden.
