WO II Ferhalen: Arbeitseinzats
Arbeitseinsatz
Begjin january 1942, yn de Twadde Wrâldoarloch, kaam it berjocht fan de Dutse Nazitop dat it foar it Reich tige needsaaklik wie wurklju út de troch harren besette lannen te verplichtsjen foar de Dútse oarlochsyndustry te wurkjen. Arbeitseinsatz wie de beneaming foar dizze ferplichting.
Yn it boek Under frjemd folk 1979 bringt Eliza Posthuma fan Gytsjerk it ferhaal foar it fuotljocht fan dy Arbeitseinsatz. Hy lit sjen hoe’t minsken ûnder druk libje en arbeidzje moatte, hoe’t se yn wurkkampen omgeane mei gefaren en langst ha nei hûs. Hoe’t men yn needsituaasjes mei elkoar omgiet en hoe kammeraatskip hâldfêst jout, om it libben fan elke (ûnwisse) dei troch te kommen.
It ferhaal fan Eliza Posthuma is bynammen ek it ferslach fan syn ferbliuw yn Köthen, dêrt hy mei twa maten wurkje moat as arbeitseinsatzer yn in fabryk foar fleantúchûnderdielen.
Dy twa maten binne bakkersfeint Sjoerd Plantinga út Gytsjerk en bakker Allert Kooistra út Tytsjerk.
Se binne yn it boek werom te finen as de folgjende trije haadpersoanen: Linze (Eliza Posthuma), Doede (Sjoerd Plantinga) en Albert (Allert Kooistra )
Eliza Posthuma: “Linse en Doede kamen fan itselde doarp en wennen sels oan deselde dyk. Sy koene elkoar al fan de skoalbanken ôf, al hiene se net op’e selde skoalle sitten. Albert wie ôfkomstich fan in doarp flakby, mar hy en Linse koene elkoar al jierren. Doede en Albert wiene by de bakker en Linse siet yn ‘t autofak”
It is ein septimber 1942 as de trije freonen moarns betiid yn Feanwâlden op ‘e trein stappe en ôfreizgje nei Dútslan.
Jûns let komme se oan yn Hannover en “bang dat se elkoar yn ‘e drokte kwyt reitsje sille, bliuwe se ticht byinoar. By brede treppen del bedarje se ûnder de perrons yn in grutte wachtkeamer mei lange houten banken. Op dy banken jouwe se har del en besykje te sliepen.
De oare deis, moarns betiid, binne se al rillegau yn Köthen en ûnderweis nei de de barakken dêrt se húsfêste wurde, komme se by it takomstige wurkplak, it fabryk, lâns mei boppe de tagongspoarte in ôfbylding fan in oarlochsfleantúch.
Yn de barakken steane houten krêbben – yn it ferline de namme foar it sliepplak fan bern en soldaten - mei bêdsekken en kjessens dy’t houtwol as opfolsel ha.
Der binne twa wurkploegen, de iene deis fan moarns seis ûre oant jûns seis ûre en de oare nachts fan jûns seis oant moarns seis.
Yn it fabryk moatte ús trije mannen ûnderdielen meitsje foar fleantúchmotors en foardat se oan ‘e slach sille wurdt harren fuortendaliks fersteanber makke dat se mei eltsenien kontakt ha meie útsein de Russen, want dat is “in minderweardich soart folk, dy moatte hurd oanpakt wurde”.
Guon reitsje nei in skoft stadichoan wend oan de frjemde situaasje. Mar dat is foar de measten net weilein. Dúdlik foar eltsenien is wol, dat wat hjir bard ûnferklearber en ûnbegryplik is.)
It binne net allinne Nederlanners dy’t op harren ôfdieling wurkje, it is in mingd selsskip fan Belzen, Dútsers, Frânsen, Italjanen, Serven, Kroaten, Russen en Tsjechen. Nei ferrin fan tiid komme der op in dei in Frânsman en in Rus by harren lâns en ornearre dat se wol wat stadiger wurkje meie, want hoe mear oarlochstúch der makke wurdt hoe langer de oarloch duorret. Net folle letter giet it berjocht dat dizze mannen oppakt binne foar sabotaazje. “Linse waard der beroerd fan en hy moast der de hiele dei oan tinke. Dy ferdomde Dútsers ek ! “
Skerp tasicht en wiidweidige feiligensfoarskriften kinne net foarkomme dat der út en troch ûngemakken plakfine. By sa’n ûngemak kin men teplak op in soartemint fan earste helppost yn it fabryk, Foar slimme gefallen is der dan fuortendaliks de gong nei it sikehûs yn ‘e stêd. Lykwols jildt dat lêste net foar Russen, Serven of Kroaten, dy komme oan bar as de wachtkeamer leech is. Neffes harren ploechbaas binne dat “ûntermenschen”, in bistesoart.
It iten is sa min as strie. Boppedat krijt men net genoch, der is temin. Gauris jouwe se harren jûns del mei de honger yn ‘e hals. It is mar in gelok dat it thúsfront sa no en dan iten opstjoert.
Nei ferrin fan tiid krije de mannen yn ‘e rekken dat yn de waskerij de klean net allinne skjin wurde, mar der is ek waskguod dat stikken giet. Linse betinkt dat syn sokken tenei mar ûnder it holkjessen moatte, “it is krekt as giet de smoargens der dan fansels út .“ Sok praat fine de maten slat fansels nearne op en se bringe dan ek letter har smoarch guod nei in âlde frou yn de stêd, dy’t ek foar oaren de wask docht. En dat befalt poerbêst.
Op in dei wurde se gewaar dat der in pear manlju nei hûs utnaaid binne . Dat soks slagje koe. It bringt ús maten op it idee der oer nei te tinken itselde te dwaan. Se ornearje dat it foar har it bêste is om mei de trein te gean en net oer de wei. “ Linse soe mei Doede en Albert nei Berlin reizgje en dêrwei de trein nei Nijeskâns nimme “. In wike as wat binne se drok dwaande mei it útnaaiplan.
Mar der komt neat fan op ‘e hispel as op in jûn twa mannen yn suterige jassen, mei stikkene skuon oan en rûch yn it burd de sliepseal binnen stappe. It binne de flechtelingen. Se fertelle hoe ’t se snipt binne en in skoft yn in strafkamp sitten ha en wat se dêr meimakke ha. “ No en dan binne wy hjir wer en it is in wûnder dat wy it neifertelle kinne. Foar Linse en syn maten is it sa dúdlik as wat: it ferhaal fan wat se wolle en sille is nei de ein rûn.
Nettsjinsteande it regelmjittich skjinmeitsjen fan de wurkrûmten en de húsfestings kin men net foarkomme dat ûngedierte as luzen en flieën út en troch massaal de kop opstekt. It wurd fliejeije fljocht as diggelfjoer troch it kamp as der in foarôfgeande en ûnoankundige ynspeksje plak fynt. En dat jout dêrnei in opskuor fan komsa.
Alle ûnderkommens moatte ûntsmet wurde en ek de kampbewenners sels krije letter in ûntluzingsbeurt. Sa’n ûntluzingsoperaasje duorre in dei as wat en yn dy tyd ferhúzje se nei de saneamde luzebarakken, in soarte fan needopfangbarakken.
Al mei al in hiele argewaasje, want alle klean moatte ek mei. De oare deis fynt de ûntluzing plak yn in grut gebou. Elkenien moat út de klean en wurdt bespuite mei ien of oar anti-flie/lús.
Dêrnei komt men earst ûnder in gleonhjitte dûs en dan ûnder ien mei iiskâld wetter. De klean komme yn in oven en wurde stoomt. Nei wat geprottel fan “frjemde grappen helje se mei ús út “, falle ús maten dy jûns yn sliep mei de stoomde waarme klean oan.
Wat sykten en ûngemakken oangiet hat men yn’t earstoan neat te kleien. “It iennichste dêrt elkenien lêst fan hie, wiene de lytse blierkes op boarst en liif, de oarsaak dêrfan wie nei alle gedachten it kuolwetter fan de draaibank. Dat streamde troch op it wurkstik dat makke waard en spatte har tsjin it boarst en rûn fierders by it liif del. It jokke slim en as men it dy blierkes útknypte kaam der wat focht út”.
Wat Doede letter oerkomt is in hiel oar ferhaal. Hy rekket mei syn foet yn in flymskerp stik ôffal fan de draaibank en wurdt yn sân hasten oerbrocht nei de Krankenstube. Omtrint trije moanne is er dêr ûnder de pannen. Efternei falt it allegearre wat ta en boppedat fielt it o sa noflik om net mear foar de Dútsers te wurkjen.
Linse liket sa’n hearelibben ek wol wat en “hy soe der in seare foet foar oer ha”.
It sil him noch lang heuge dat dy winsk ek noch útkomt, want neidat Doede wer oant wurk is, krijt Linse in lyts iepen plakje oan ‘e lofterfoet. It wurdt sa slim dat er nachts yn syn dream
thús is. En as er yn it sikehûs bedarret is it gâns oars dan wat der yn de ferhalen fan Doede barde. Eliza skriuwt: “Hy hie langstme nei syn maten en benammen nei hûs.”
Hy praat mei himsels ôf dat er sa gau mooglik út it wurkkamp wei wol en it blykt dat soks kin as men trouplannen hat. Dêr wurdt ekstra ferlof foar jûn.
Linse oerleit it plan mei Doede en Albert en eintsjebeslút sille Linze en Albert in brief nei hûs stjoere oer wat se betocht ha. Doede docht net mei, want hy is noch net safier dat er trouwe wol.
Nei it jaberjocht fan it thúsfront wurdt de troudatum fêststelt op 13 maaie 1943. Fjirtjin dagen trouferlof krije se en yn dy tyd moat alles regele wurde.
Op de lêste dei fljocht it Linze oan dat se Doede achterlitte moatte. “Mei har trijen wiene se de reis begûn en sûnder harren bêste kammeraat thús komme ? Hy rekke it gefoel mar net kwyt dat se Doede yn ‘e steek lieten. Lykwols, Doede lit him der net oer út.
Nei de trouwerij binne Albert en Linze net werom gien, se dûke ûnder.
Ein it jier 1943 slagget it Doede mei krystferlof thús te kommen. Ien kear thús liket it him wol fleanen om werom nei Dútslan te gean en dûkt ek ûnder. Nei in skoftsje fynt er wurk by in bakker yn Aldtsjerk.
Wylst Linze en Albert de ûnderdûk perioade reedlik goed troch komme *), rint it foar Doede minder goed ôf. Op in dei wurdt er ferret troch in Trynwâldster NSBer.
De beruchte lânwachter Lucas Bunt is der dan as de piken by om him op te heljen. Op 29 juny 1944 komt er terjochte yn de Ljouwert finzenis Blokhúspoarte.
Mar de Dutsers hiene giin rekken holden mei Doede syn mem. Sy fytst in pear kear yn ‘e wike nei Ljouwert om de Ortskommandant te oertsjûgjen dat hy har soan frij litte moat.
Uteinlik jout in doktersferklearing mei de trochslach en komt Doede yn novimber fan it lêste oarlochsjier frij en kin om reden fan syn minne sûnens thús bliuwe. Yn noed sitte oppakt te wurden hoecht er no net mear.
By de bakker yn Aldtsjerk set er wer útein mei syn wurk.
Colofon
Tekst: Dirk Laverman
fotos: SCET, HCLWikipedia en fam. Posthuma