WO II ferhalen: De maaidagen fan Rikke de Jong


WO II ferhalen: De maaidagen fan  Rikke de Jong
©:

Melle en Tryn de Jong hiene in grientesaak oan de Rinia fan Nautawei yn Gytsjerk en njonken de ferkeap fan griente yn dy winkel waard der alle dagen mei in hynder-en-wein griente útsutele yn de Trynwâlden en omkriten. Hja hiene twa soannen, Rikke en Lammert.

Rikke wie krapoan tweintich jier doe’t er yn jannewaris 1939 foar syn nûmer yn militêre tsjinst moast, mei as stânplak Naarden/Bussum, ûnderdiel RMA (reg.mot.art.) Op 24 augustus 1939 waard de mobilisaasje fan krêftt en fûn oerpleatsing plak nei Driebergen. Hjir wie de stêf fan de RMA festige mei ûo kapitein Witteveen *) út Dokkum. Witteveen en  Rikke koene tige goed mei elkoar oerwei. Broer Lammert, troud en in jiermannich âlder, wie ek mei de mobilisaasje oproppen en lei ticht by Amersfoort. Om’t Rikke meiholp yn de grientesaak, hie hy, fanwege in earnstige sykte fan syn heit, om ‘e fjirtjin dagen twa dagen periodyk ferlof en ek noch twa dagen sakenferlof. Sadwaande wie er elke wike tongersdeis en freeds thús om te helpen yn de grientesaak.

Sa leine de saken derhinne, doe’t begjin maaie 1940, krekt foar it wykein, de “ferloven”ynlutsen waarden. Rikke koe net nei hûs. Hy gie nei de kapitein en sei: “Ik woe eins al nei hûs, ik kin ús heit dochs net allinne sitte litte ?” De kapitein koe hjir wol ynkomme en andere: “ Meist fan my gean, mar as der wat bart, moast daliks weromkomme en my der net foar opdraaie litte.”  

It wie freedtemoarn 10 maaie en de rapen wiene gear. “It is oarloch”, rôp Tsjoelker dy’t moarns de post brocht by Melle en Tryn, “It is allegearre drokte yn de loft, Dútse fleantugen.”

Oarloch, Rikke en syn heit seagen elkoar ris oan en wisten fuortendaliks hoe let as it wie. Rikke moast daliks werom nei syn kapitein yn Driebergen. As der wat barre soe dan moast er weromkomme. Dat wie ôfsprutsen en ….in man in man … in wurd in wurd.

Doe’t bliken die dat de bussen net riden sei heit Melle : “No jonge, dan gean do en ik tegearre op ‘e fyts nei it statsjon yn Ljouwert en gean ik mei twa fytsen werom.” Mar ek de treinen riden net, ferbjustere stiene beide mannen foar it stasjon oan’t der immen sei dat der by de âld kazerne in pear bussen fan Slof út de Jouwer stiene, dy’t soldaten nei Alkmaar bringe soene.

Rikke en syn heit der op ôf en ja hear, de lêste bus naam him mei.

It mei in wûnder hjitte dat de bus hielhûds de Ofslútdyk oerkaam. Want it wiene allegear fleantugen. Doe’t se yn Alkmaar by it stasjon wiene, trof Rikke dêr Hiele fan Hans Hiele’s út Aldtsjerk. Dy hie it frij wat krap en sei tsjin Rikke dat er wol graach Aldtsjerk werom sjen woe. Rikke doarme noch wat om by it stasjon fan Alkmaar en trof doe in soan fan oannimmer Visser út Ljouwert,. Dy wie dêr mei in lúkse auto en moast in ferpleechster nei Den Haach bringe. Hy ornearre Rikke koe wol meiride, dan wie der wer wat fierder. By Lisse wiene trije bussen mei ynfanteriesoldaten troch de Dutsers oanfallen en ien bus wie folslein útbaarnd. Men kin jim allegear wol foarstelle dat soks net om oan te sjen wie. De ferpleechster wie gau beret om te helpen en stapte ta de auto út.

It wie dêr ien grutte opskuor en by tafal rekke Rikke yn in auto rjochting Utert. Wûnder boppe wûnder ryd it tramke Utert/Rhenen noch en wie de reis te oersjen. Wol fregen ûnderweis twa Nederlânske soldaten him om it wachtwurd,.Mar dat wist er net, ek al omt dat by de dei feroare. Lokkich brocht syn ferlofpas útkomst en sa koe Rikke him melde by syn kapitein Witteveen.

Doe’t dy Rikke seach, wie hy folslein ferbjustere en rôp út: “Och heden  … DE JONG … wie no mar thús bleaun. Al syn manskappen wiene al op wei nei hûs.

Rikke hie him net melden dat er dêr delkaam, wat moast de kapitein mei him oan ? Hy stjoerde him op ‘e motor nei Austerlitz, dêr soene Dútske parasjutisten del kommen wêze. Rikke seach lykwols gjin ien Dútser, ried wer werom en bleau nachts yn Driebergen.De oare deis moast hy mei in buske fol “apparatuer”nei Leersum en him meldde by in faandrich fan de fjildartillary De faandrich sneupte en tize wat yn de apparatuer om en tegearre hongen hja se hiele nacht by it buske om. Yntusken die bliken dat de Nederlânske soldaten it op ‘e Grebbeberch net hâlde koene en harren weromlutsen. Mei dy soldaten rekken Rikke, de faandrich en it buske yn ‘e tsjustere en dizige nacht op wei nei “achter de Hollandse waterlinie”. Let yn de nacht kamen se terjochte by de sender Jaarsveld. Dêrwei seagen se de oare middeis hoe’t it yn Rotterdam baarnde.

Deselde dei kapitulearre it Nederlânske leger en wie it fjochtsjen en sjitten oer.

Yn Jaarsveld krigen se te hearren, dat alle motors en auto’s nei Wesel yn Dútslân brocht wurde moasten. Sadwaande kamen se allgearre byelkoar op it Malieveld yn Den Haach. En dêr trof Rikke in bekende Gytsjerker, Jaap van de Meer, fan Jan ‘e Friet dy’t op ‘e  GytsjerksterHoeke wennen.

Dy nacht bleauwen se yn Den Haach en de oare deis gie it mei in Dútse feldwebel foarop oer Rotterdam en Brabân nei Wesel. En ek wer ûnder lieding fan de feldwebel rieden se de oare deis werom nei it plak wêr’t se opkomme wiene. Foar Rikke wie dat Bussum/Naarden.

Hjir lei op it kantoar in brievekaart fan syn skoansuster Anna mei it berjocht dat it net goed gie mei heit. Hy wie opnommen yn it sikehûs te Ljouwert.

Rikke rekke yn ‘e bus op wei nei Ljouwert. En wa trof hy letter yn de bus ?  Syn broer Lammert. Dy hie ek in brievekaart krigen fan syn frou Anna mei itselde boadskip. Underweis op de kop fan de Ofslútdyk en ek fierderop lei it der raar hinne: de brêge en de measte huzen ja suver alles wie opblaasd. Oer in needbrêge riden se Fryslân wer yn.

Beide jongfeinten kamen aldergelokst op tiid yn it sikehûs oan. Harren heit Melle de Jong, noch mar 43 jier, ferstoar op 29 maaie 1940. Rikke waard syn opfolger.

Dit ferhaal - hjir en dêr wat oanpast - is opskreaun troch Tsjikke Mulder-Terpstra yn maaie 2000.

Oer dizze tiid sei Rikke doe: Wy binne no 60 jier fjirder mar noch as de dei fan juster stiet dit ûnferjitlike barren my noch op netflues  skreaun.

*) Dit wie kapitein Jan Harmens Witteveen, berne te Eastrum yn 1900 en ferstoarn yn 1983 te Haarlem, hy wie in soan fan Harmen Witteveen en Seike Spriensma.    As burger wie hy boukundich yngenieur

Colofon

Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “  Einekoer “stien.
Dirk Laverman     dirklaverman@hotmail.com

© Tekst: Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden

Gerelateerde informatie


OnderwerpenFoto’s



Reageren

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden)