Underdûkers by Piebe en Tet oan de Singel
Tritich juny 1944“Hearken, hearken, wa komt dêr oan, moast gau komme Tet.” Piebe stiet foar hûs nei , sa’t it liket, in manspersoan te sjen dy’t yn ‘e fierte oanrinnen komt. Tet komt hastich bûtendoar: “Dat is ek wat, wa rint no moarns om acht ûre troch de lannen.“ Hoe mear de man yn ‘t sicht komt hoe dúdliker te sjen is, dat der mei him wat oan ‘e hân is. “Wolst it leauwe as net, it koe wrachtich ús Sible wol wêze”, sei