WO II ferhalen: Klompen fan de Singel
Yn de oarloch fan 1940 oant 1945 wie fuortark in saak fan oanhâldende soarch. Stedslju dy’t gjin klompen oan ‘ e fuotten ha woene, mar ek gjin nije skuon keapje koene, lapen hieltyd wer harren âld skuon op.
Op it plattelân, it klompelân yn ‘t bysûnder, rûn yn ‘e lêste oarlochsjierren elkenien snein en deis, winters en simmers op klompen.
Mar elk wit ek dat de ûnderkant fan klompen, as men der alle dagen op rint, gau ferslite.
Mei âlde stikken lear of in eintsje fytsbân ûnder de klomp wie men ynearsten tige bij tige holpen, mar op ’t lêst wie der oan lear en fytsbân min te kommen. Men koe ek sjen om in pear nije klompen en sadwaande setten in soad minsken útein mei in klompmakkerij en makken sels klompen.
Dochs is der fakmanskip foar nedich om in klomp te meitsjen, dy ‘t fan binnen en fan bûten de krekte snit ha moat en men leart net yn trije dagen it fak fan klompmakker.
Sa rûnen der dan ek yn ‘t earstoan wolris minsken troch de buorren mei frjemde stikken hout oan ‘e fuotten. “Der is ek wer in nije klompmakker yn ’t doarp “, sei men dan ….. .
Njonkenlytsen slaggen de trochsetters, nei in soad oefenjen, der lykwols yn kreaze en goedpassende klompen te meitsjen.
Healwei de Singel yn it wite hûs wennen yn ‘e oarlochsjierren de Douma’s, wêrûnder Jan Douma.
Al foar de oarloch hiene hy en syn âldere broer Auke mei heit Paulus in timmerzaak yn in grutte skuorre by harren hûs, dêr’t ek plak wie foar kij.
Doe it yn de oarloch safier wie dat de Dútsers ferlet fan mear arbeiders krigen om te wurkjen yn harren heimat, moast ek Jan nei Dútslân ta om dêr te helpen yn de oarlochsyndustrie. Mar op ien of oare manier krige er it foar elkoar dat er thús bliuwe koe. En om’t der genôch brea op ‘e planke komme moast, sette er doe útein mei in klompmakkerij.
Minsken dy ’t klompen ha woene, koene by him terjochte. Se moasten dan wol sels it hout meinimme, want dêr woe Jan gjin gedoente mei ha. Hiel wat popels en wylgen binne foar dit doel sneuvele.
Yn it timmerhok efter it wenhûs waarden dy klompen makke. It wie der altyd in kommen en gean fan minsken. De ien kaam der om klompen en de oar om in praatsje.
Pakesizzer Paulus Douma is fan betinken dat der nea in timmerbedriuw west hat oan de Singel.
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “ Einekoer “stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com