It sil likernoch ein jannewaris 1945 west ha, dat fanút Ljouwert acht froulju mei hânkarren op Gytsjerk ôfsetten
Om oan branje te kommen, ha hja doe ien fan de dikste en langste popelieren oan de Canterlânswei omseage.
It wie fansels yn it algemien ferbean samar beammen te roaien,mar honger en kâlde makken dizze froulju driest. Dochs wie it in hiel weachstik.
De popelier oan de Canterlânswei foel dwers oer de dyk en kearde elk dy’t der lâns woe. Meidat earst alle tûken der ôf kamen, soe de stam yn stikken.
Wylst de froulju dermei dwaande wiene, stoppe der in stikmannich Dútse motorriders mei dêrûnder in sydspanmotor.
Se moasten der lâns, mar dat koe fansels net. De mannen waarden doe ofgryslike lilk en rachten en skelden op de froulju.
Mar hoe lilk se ek wiene, de Ljouwertsters wiene as in pûn moal sa rêstich en seagen gewoan troch.
Doe’t dat dien wie, moasten de stikken stam der ek noch wei.
En ien fan de froulju sei doe: “Eh ju raas niet su, ast der langs
wist, must mar even helpe met wegduwen.” En wrachtich, dit barde.
De motorriders stapten ôf en holpen mei de stammen oan de kant te roljen.
Efkes letter rieden de Dútsers mei lange en swarte Dútse gesichten oer de Canterlânswei fierder rjochting Ljouwert.
De froulju koene harren bút hâlde en fan de Dútsers ha hja neat wer wat heard.
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “ Einekoer “stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com