“Achte hear Bunt, ik ferkeapje fleis oan de minsken en gjin NSB-krantsjes.”
Mei dy wurden reaget slagter Wybe Bosma fan ‘e Canterlânswei de “Volk en Vaderland” wykbleden fan’e toanbank.”En no opsodemiterje !” heakket de slagter der oan ta.
De ferbjustere Lucas Bunt siket hastich syn kranten byinoar fan de flier, hy hie tocht hjir in ferkeappunt foar syn wykblêd te iepenjen, mar dat pakte oars út.
Sa foar skut komme te stean, dat wie de lettere beruchte jeier op ûnderdûkers Lucas Bunt yn ‘e oarloch net oerkaam. Nei alle gedachten hat him dit tafreel ôfspiele krekt foar de oarloch.
Lucas Bunt (1907-1981) wenne destiids yn Ryptsjerk en stie sûnt 1935 ynskreaun as kaféhâlder. Hy wie ekploitant fan it Friesch Koffiehuijs oan de eastkant fan de Wirdumerdijk te Ljouwert. Yn ‘e oarloch waarden hjir geregeldwei feestpartijen foar Dútse offisieren jún.
Syn heit, Lucas Bunt senior, wie eigner fan it loazjemint/kafé op Swarteweisein.
Al foar de oarloch hie soan Lucas Bunt de gewoante ien kear yn ‘e wike “de Canterlannen om” te dwaan en by syn heit en dy op Swarteweisein oan te gean. Dêrnei fytste er oer de GrinzerStrjitwei wer op hûs oan.
Op dy reis oer Lekkum, Miedum en Gytsjerk sutelde er dan mei it NSB-wykblêd “Volk en Vaderland”. Nei it spul by de slagter hie der in oare kear immen út de fabrykshuzen yn Gytsjerk hast foar syn karre spand om bylânsbringer fan syn wykblêd te wurden, mar by thúskomst mei in stikmannich NSB-kranten yn ‘e jasbûse krige de man sok swier waar fan de frou oer him hinne, dat de kranten yn ‘e kachel bedarren.
Lucas Bunt wie yn de oarloch de meast slimme kollaborateur dy’t men jin yn û.o.ús gemeente Tytsjerksteradiel mar betinke koe. As groepskommandant by de Lânwacht waard hy in grutjeier op eltsenien dy’t him of har ferside brocht foar de besetter.
Wa’t mar in bytsje oars as oars die, wie yn syn eagen fertocht.
By arrestaasjes wie syn manier fan dwaan wyld en frjemd, boppedat ôfgryslik yn syn wurd en altyd mei de hân op it sjitark
Yn it lêste oarlochsjier komme wy de namme Lucas Bunt yn de Trynwâlden nochris tsjin en wol yn it ferhaal fan Sjoerd Plantinga. (Troch soan S.Plantinga):
Bakkersknecht Sjoerd Plantinga dook aan het eind van WO II onder in Aldtsjerk. Tijdens een verlofperiode van de Arbeitseinsatz had hij besloten niet terug te keren naar Duitsland en werd onderduiker. Hij werkte in Aldtsjerk bij bakker Klompmaker en kon zo ondanks alles toch nog een redelijk bestaan leiden. Maar dat onderduiken liep verkeerd af. Hij werd door een onbekende NSB’er verraden en door een andere NSB’er Lucas Bunt in Aldtsjerk opgepakt en onder begeleiding van een aantal Duitsers op 29 juni 1944 overgebracht naar Leeuwarden. Hier kwam hij terecht in de gevangenis op het Blokhuisplein en maakte er een vreselijke tijd door. Behalve dat hij een gevangenisstraf had gekregen en dus opgesloten zat, moest hij herhaaldelijk met zijn voeten in ijskoud water zitten.
Gelukkig voor Sjoerd had hij in Trijntje een ijzersterke moeder, die haar zoon niet aan zijn lot overliet. Ze was bereid om tot het uiterste te gaan haar zoon vrij te krijgen. Diverse keren fietste ze naar Leeuwarden om hier, met gevaar voor eigen leven de Ortscommandant te bezoeken. Deze wilde echter niet meewerken haar zoon uit de gevangenis te krijgen en dus moest ze het over een andere boeg gooien. Uiteindelijk vond ze gehoor bij de gevangenisdokter, die vaker had geholpen mensen uit de gevangenis te krijgen. Hij schreef een briefje met daarin vermeld dat Sjoerd medische klachten kreeg van zijn verblijf in de gevangenis. Hij zou longklachten krijgen van de gevangenislucht, wat uiteraard een leugen om bestwil was om Sjoerd vrij te krijgen. En met succes want op 2 november 1944 kwam hij vrij.
Tegen de verwachting in trouwens, want de praktijk had bewezen dat opgepakte Arbeidseinsatz-onderduikers op transport werden gesteld. Dit hield in dat hij dus niet terug hoefde naar Duitsland en hier in Aldtsjerk weer aan het werk kon gaan.
It Gerjochtshôf yn Ljouwert is fan betinken dat de deastraf tsjin Lucas Bunt rjochtfeardich is: „Schuldig aan moord en mishandeling, arrestaties van Joden en vrijwillig in vijandelijke krijgsdienst treden Dochs wurdt dy deastraf letter feroare yn libbenslang.
Wannear ’t er yn 1959 frij komt, set er him ta wenjen op It Hearrenfean. Yn 1981 komt der in ein oan syn libben.
Colofon
Dizze ferhalen ha earder yn de doarpskrante de “Einekoer“ stien.
Dirk Laverman dirklaverman@hotmail.com